Fan ’e moarn hat wethâlder Mirjam Bakker de bondel “Tsjilp” oanbeanoan ’e St. Gregoriusschool fan Blauhús.
Tsjilp bestiet út fiifentweintich Frysktalige fûgel gedichten ‘foar grutte en lytseprotters’, dus: foar jong en âld. De gedichten binne skreaun troch Eppie Dam en de yllustraasjes binne makke troch Lienke Boot. Tsjilp is útjûn troch útjouwerij De Ryp.
Mei troch stipe fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân wurdt Tsjilp nei alle basisskoallen fan ús gemeente stjoerd en nei de basisskoallen yn ’e doarpen fan Littenseradiel dy’t aanst by ús komme.