FOLSGEARE – De jierlikse kulturele kuiertocht fan de Blauhúster Gerben Rypma Stifting gie sneon 22 oktober lâns ‘stille tsjûgen’ yn it lânskip rûnom Folsgeare.
Sa’n 60 dielnimmers rûnen oer it Melledykje dat earder tsjerkepaad wie mei noch de âlde Middelseedyk en nei de muontsen by de Laurentiustsjerke. Nei in lêzing yn it doarpshûs oer ‘Landschapspark Folsgeare’ dat in buffer tusken doarp en stêd foarmje kin, gie de kuier nei trije unike plakken, dy’t stik foar stik stille tsjûgen binne fan wêr foarhinne buorke is.
Yn it iepen lânskip tusken Folsgeare en Snits lizze de eardere Abma’s pleats, Carpe Diem mei de lêste blikken skuorre fan Fryslân út de jierren ’80 en de terp Strûpenkeal. Hjir is ek dúdlik te sjen dat de stêd, ferkear en yndustry wol hiel tichteby komt.
Underweis is it gedicht ‘Ferdwûn’ fan Willem Abma foardroegen en ‘De Terp’ (tekst Eeltsje Halbertsma, muzyk W.A. Mozart) songen troch Marco Rypma.
Foto: Wietske Lyklama à Nijeholt fertelt fol passy oer de skiednis fan terp Strûpenkeal.
Foto (C): Wytske Heida