Theo Smedes spilet ,Jimmy Costello' yn it Marne Theater

Boalsert – Yn Jimmy Costello nimt Theo Smedes (bekend fan De Emigrant) je mei yn de humoristyske en aventoerlike perioades fan it libben fan Jimmy, mar lit hy je ek meifiele yn de tsjustere krochten fan it finzen wêzen.

Op tongersdei 25 febrewaris is dizze foarstelling te sjen yn it Marne Theater (Schoolstraat 1). Oanfang: 20.00 oere. Kaarten kinne no al reserveard wurde by it Gysbert Japixchûs, till. 0515 573990. Jûns oan de seal sille grif ek noch wol kaarten wêze.

It ferhaal fan Jimmy Costello spilet him ôf yn Nij-Seelân yn de jierren ’50. Jimmy is in autodief dy’t syn karriêre ûnskuldich begjint mei it stellen fan molkejild, mar troch syn
lettere dieden meardere kearen yn ‘e finzenis belannet én ûntsnapt. Hy wit dêrmei dagen oant wiken út de hannen fan de plysje te bliuwen en kriget dêrtroch de sympaty fan it folk, mar just troch syn heldestatus stiet him úteinlik in swiere straf te wachtsjen.

Jimmy Costello is in Frysktalige teatermonolooch dy’t oarspronklik skreaun is troch de Nij-Seelânse skriuwer Tim Balme en basearre is op wierbarde feiten. Yn dizze foarstelling nimt de betsjutting fan frijheid en it ûntflechtsjen fan ferantwurdlikens in sintraal plak yn. Hoe fier kin immen gean yn it nim men fan frijheden en hoe reagearret it kollektyf hjirop?

Meer informatie op www.boog-bolsward.nl of www.denoordersmederij.nl

[pro_ad_display_adzone id=”11964″ cookie=”1″]

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *