Sterkste man fan de Wrâld, bringt stimmers nei it Lytste Stim-Lokaal fan Nederlân.

Sneontemoarn 1 maart hat de sterkste man fan de wrâld en listtriuwer by FNP Súdwest-Fryslân, Wout Zijlstra, yn Idzegea in wein fol stimmers en takomstige stimmers nei it ‘Lytste Stimlokaal fan Nederlân’ brocht.

 

FNP deputearre, en ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân, Johannes Kramer spruts it wolkomswurd en die in oprop om foaral woansdei 19 maart te stimmen. Oanslutend winske listlûker Durk Stoker fan Koudum ‘dat de opkomst by de ferkiezings boppe de 70% komt’. It stimburo dat it tichstby is, op De Gaastmar, helle yn 2010 mar leafst 72,35%, ‘sy jouwe it goede foarbyld’ sei Stoker.

Johannes Kramer en FNP kandidaat riedslid Douwe Blom fan Drylts, brochten as earsten harren stim út, dy gie sûnder diskusje en ienstimmich nei de FNP.

Lokale Partijen hawwe hyltiid mear de sympaty fan de kiezers. Stoker: “De FNP is der, as grutste Lokale Partij yn Fryslân, klear foar. Wy sizze net foar niks ‘FNP. Midden yn de Mienskip’.

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.