Peas aaie-rûte troch Boalsert

Fan woansdeitemiddei ôf start der in rûte út de winkel en it museum fan it Gysbert Japicxhûs wei.

©Facebook It Gysbert Japicxhûs Museum

Yn de rûte kinne bern sykje om peasaaien troch de stêd en moatte der fragen oer de stêd Boalsert beantwurde wurde. Bern skriuwe mei in echte guozzefear en ûnderweis kinne sy wat lekkers krije. As de fragen beantwurde binne en de rûte is klear, dan graach wer melde yn ‘it hûs’ oan de Wipstrjitte 6, dêr stiet dan in aardichheidsje klear. Jonge bern graach mei begelieding, de rûte rinne is op eigen risikio. Ynformaasje: 0515-573990

Organisaasje: It Gysbert Japicxhûs Museum en VVV Boalsert yn gearwurking mei Echte Bakker Posthuma

Bakker Posthuma hat dizze dagen in oanbieding foar dielnimmers oan de tocht.


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *