Op sneintemiddei 27 novimber wurdt it 350ste Gysbert Japicxjier ôfsletten yn de Martinitsjerke yn Boalsert mei in konsert fan Camerata Trajectina.
Gysbert Japicx’ gedichten binne eigentlik makke om te sjongen: it binne lieten. Syn muzykkar slút oan by wat doedestiids yn Hollân yn ‘e moade wie. In soad meldijen binne bûtenlânsk.
It ensemble Camerata Trajectina hat namme makke omt sy hieltyd yn ‘e pleit gean foar de Nederlânske muzyk fan de Midsiuwen ôf oant en mei de 17e iuw. In spontane útfiering, wêryn’t ymprovisaasje in grutte rol spilet, karakterisearje de konserten fan it ensemble.
Tagongspriis € 10,00 ynkl. kofje/tee (allinne kontant betelje)
(15.00 oere, ynrin fan 14.30 oere ôf).