In moaie opstap yn de Fryske Muzykwrâld

Yn gearwurking mei Friesland Pop organisearret Stifting Aaipop de lêste jierren Aaipop der op út, in Frysktalich muzyktalintejacht.

Doel fan dizze gearwurking is om nije as begjinnende Fryske bands en artysten in poadium te jaan en te stimulearjen yn harren ûntwikkeling, motivaasje en ynspiraasje. Aaipop der op út fynt dit jier plak op 28 febrewaris yn Teater Tromp te Ljouwert. Begjinnende artysten as bands kinne dizze middei stride foar in plakje op it grutste Frysktalige festival fan de wrâld, it Aaipop festival. De winner iepent op Peaskemoandei, 28 maart 2016, it Aaipop festival yn Nijlân.

Dêrneist krije alle dielnimmers in fakkundich opbouwend sjueryferslach en in lûdopname fan it optreden. Dit jier bestiet de sjuery út nimmen minder dan Reade Rikus fan de band Jitiizer, Johannes Rypma fan ûnder oare de band The Bounty Hunters en Pieter de Boer fan de band Beware en bestjoerslid fan Stifting Aaipop. Trije manlju dy’t ûnderfining ha yn`e muzyk en bekend binne mei it Aaipop festival.

Bands en artysten as De Hûnekop, Skraal en trûbadoer Bruno ha yn foargeande edysjes meidien oan Aaipop der op út en dit betsjutte in moaie kâns om namme te meitsjen yn de Fryske muzykwrâld. Dizze kâns ha se allegearre pakt. Bands as artysten dy’t dizze kâns ek pakke wolle kinne harren opjaan troch te e-mailen.