Henk de Boer (55) is kandidaat-wethâlder foar de FNP Súdwest-Fryslân. De Boer wennet op De Hommerts en is op it stuit manager Engineering by Polem B.V. op ‘e Lemmer. De Boer is troch de FNP foardroegen as kandidaat-wethâlder foar de, troch ynformateur Hetty Janssen advisearre, koälysje fan PvdA, CDA en FNP.
De Boer: “Ik bin in Fries yn ieren en sinen. Ik mei graach it fjild yn as neisoarger, simmerdeis keats, fyts en fuotbalje ik en yn ‘e winter stean ik sa gau as mooglik op redens op natueriis. Bestjoerlik bin ik aktyf foar doarpshûs ‘Oan it Far’ en bin ik belutsen by de tsjerke en aktiviteiten dy’t yn ús doarp en doarpshûs plakfine”.
Troch syn wurk as manager foar Polem, Bilfinger Tebodin, NAM, Gasunie en Paques hat De Boer in protte ûnderfining opdien yn grutte organisaasjes.
Henk de Boer is troud en hat trije bern, wêrfan twa útwenjend.