De Fraksje fan FNP Súdwest-Fryslân is der tige mei ynnommen dat it kolleezje fan B&W no kiest foar Wynmolens op de Ofslútdyk.
Wurdfierder Klaas Visser: ‘De grutte parken op de Iselmar en op lân binne no net mear nedich, dat past presies yn de fisy fan de FNP yn sawol de gemeente as provinsje.
We sjogge dit as in úterste ynspanning fan de gemeente Súdwest-Fryslân wêr de provinsjale steaten net omhinne kinne’.