Yn febrewaris is de Twadde Keamer akkoard gien mei it foarstel om it foarmjen fan nije Koöperaasjes fan Basisskoallen serieus te ûndersykjen.
It doel is om – mei sluting bedrige Lytse Skoallen – iepen te hâlden. FNP Súdwest-Fryslân fynt it fan grut belang foar de leefberens yn de doarpen en wiken dat basisskoallen bestean bliuwe. “We binne der fan oertsjoege dat de skoallen, dy’t no bedrige wurde, iepen bliuwe at se harren ferienigje yn Koöperaasje ferbân” seit Durk Stoker fan de FNP. FNP Súdwest-Fryslân juicht dit inisjatyf dan ek ta en hat tegearre mei Cees van Mourik, fan de lanlike inisjatyfgroep en Doarpsbelang en de âlden fan De Gaastmar, daliks ûndersyk dien nei de situaasje yn eigen gemeente.
It ûndersyk is basearre op de útgongspunten fan de inisjatyfgroep: de lêste skoalle yn in doarp of wyk, wêr de kwaliteit fan it ûnderwiis troch de ynspeksje as goed beoardiele is, dy’t finansjeel sûn is, foldwaande learlingen hat en draachflak by de bewenners hat. Guon oerkoepeljende skoalbestjoeren fine dat, ûntanks alle pluspunten, dizze skoallen, om de eigen ekonomyske of organisatoaryske redenen, ticht moatte.
Yn Súdwest-Fryslân giet it om mar leafst 10 lytse basisskoallen. Fan de 10 op termyn bedrige skoallen komt op hiel koarte termyn it fuortbestean by mar leafst 7 al yn gefaar. Stoker: “De gemeente Súdwest-Fryslân hat in plicht yn it kader fan it yn stân hâlden fan (iepenbier) tagonklik ûnderwiis. It is dus fan grut belang dat de gemeente de foarming fan in koöperaasje stipet”. De FNP trúnt oan op it útfieren fan in pilot, mei as resultaat dat bedrige skoallen foar de mienskip behâlden bliuwe. De FNP en de initiatyfnimmers fan de ‘Coöperatie van Kleine Scholen’ organisearre moandei 14 april in ynformaasjejûn oer dizze nije ûntwikkeling foar ynwenners, oerkoepeljende ûnderwiis-organisaasjes en oare belangstellenden.