FNP Súdwest-Fryslân is wiis mei dûbeltalige komboerden

De FNP fraksje yn de gemeente Súdwest-Fryslân is tige wiis mei it foarnimmen fan it kolleezje fan Boargemaster en wethâlders om ek yn de nije gemeente dûbeltalige komboerden ta te passen.

FNP fraksjefoarsitter Sicco Rypma: “Hjirmei komme we eltsenien temjitte. Eigen ynwenners fiele harren der thús by en foarbygongers en toeristen sjogge dat se yn in twatalige gemeente binne. It makket Súdwest-Fryslân unyk yn eigen lân en smyt sa ek nochris ekstra nammebekendheid op”.

It brûken fan de Fryske taal njonken it Hollânsk is by de gemeente Súdwest-Fryslân sawol yntern as ekstern hiel gewoan wurden. Guon riedsleden, tsientallen amtners en it kolleezje fan Boargemaster en wethâlders hawwe frijwillich in kursus Frysk dien en ek www.gemeentesudwestfryslan.nl is twatalich makke.

Op de fraach oft de FNP de foarnommen folchoarder Hollansk – Frysk op de komboerden net leaver oarsom hawwe wol seit Rypma: “Já fansels, dat is yn de praktyk no ek al it gefal by mear as de helte fan ús kearnen, we sille ús der op beriede”. De FNP rekkenet der op dat beide nammen gelike grut op de boerden komme.


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *