De gemeente Súdwest-Fryslân hie freed goed nijs foar Makkum, der komme fiiftich nije wenningen by. Dat nijs stiet yn skril kontrast mei de ferkeap fan 22 hierwenningen oan de Lieuwkemastrjitte yn Makkum troch wenningkorporaasje Elkien.
Yn de advertinsje fan Makelaar Hoekstra dizze wike wurdt it folsleine wenningkompleks yn opdracht fan Elkien yn ien kear oanbean.De soarch fan de FNP yn Súdwest-Fryslân is, dat aanstons krekt as yn de Rânestêd in kommersjele ynvestearder it kompleks opkeapet en de hierprizen omheech fleane en foar de measte Makkumers te djoer wurdt.
Sa wurdt der oan de iene kant troch de gemeente alles oan dien om yn Makkum by te bouwen en oan de oare kant troch Elkien it segment betelbere hierwenningen mei 22 werom brocht.
Dit ropt ek de fraach op oft dit oerien komt mei de prestaasje ôfspraken dy’t de gemeente mei de wenningkorporaasje makke hat. Hjiryn wurde ûnder oare it oanbod fan betelbere hierwenningen fêstlein.
FNP riedslid Sicco Rypma: “Yn dizze tiid fan krapte op de wenningmerk is de ferkeap fan dit folsleine wenningkompleks gjin goede saak foar de leefberens yn Makkum”.