Ferhaleprojekt Utsteld gelok yn pastorietún yn Blauhûs

BLAUHÛS- Op freed 8 july om 19.30 oere is in ferhaal fan it ferhaleprojekt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature te beharkjen yn de pastorietún yn Blauhûs. Ferteller Ate de Jong lêst dêr it ferhaal ‘Fantasie van een druppel’ fan Shamal A Hussein foar, yn it Nederlânsk.

Alle hûndert dagen fan kultureel programma Arcadia soarget Ljouwert UNESCO City of Literature mei Utsteld gelok foar in nij, live foarlêzen ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. De reade tried: de syktocht nei skientme yn en nei de pandemy.

Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Hûndert auteurs út binnen-en bûtenlân skreaunen der in nij, koart ferhaal oer. Fyftjin professionele fertellers lêze dizze ferhalen foar. Yn de tún by de Friezen thús, op de folkstún, yn tunen fan staten en stinzen en yn pluk- en teetunen. Yn it Frysk, yn it Nederlânsk of yn it Ingelsk.

Boarne fan ynspiraasje is it fjirtjinde-iuwske masterwurk fan de Italiaanske dichter en gelearde Boccaccio: de Decamerone. In samling fan hûndert ferhalen, yn tsien dagen ferteld troch tsien jonge minsken, op ‘e flecht foar de pest.

Lykas doe fertelle we inoar ek no ferhalen om de tiid troch te kommen, om inoar te fermeitsjen, om te reflektearjen op de ellinde. Mar ek – en benammen – om wer in bytsje skientme en gelok te finen.

It programma duorret likernôch in oere. De tagong is fergees en hoechst dy net oan te melden. Nim sels in túnstuoltsje mei. At it bûtendoar, om it waar, net kin, sitte we yn de sêrre mei útsicht op de tún.

Mear ynfo stiet op www.uitgesteldgeluk.nl.

Foto (C): Sicco Rypma 

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.