Nijlân –Wurkgroep Merakels besiket bern te berikken mei teater.
Op woansdei 19 oktober 2016 sille de doarren fan M.F.C. de Mande yn Nijlân wer iepen gean foar de bern. Dizze middei wurde de bern fanôf 13.30 oere fermakke mei teater, sport en kreative aktiviteiten. Yn gearwurking mei teatergroep Knûkel hat wurkgroep Merakels it wer foar mekoar krigen om in fernijende ynfolling te jaan oan dizze bernemiddei. Spesjaal foar dit evenemint hat teatergroep Knûkel de muzikale foarstelling ‘it Feestbist’ skreaun. De foarstelling wurdt oanklaaid mei muzyk en poppespul.
De middei begjint mei de foarstelling en wurdt folge troch saneamde ‘wurkwinkels’. Yn dizze winkels krije de bern de mooglikheid om te bewegen en kreatyf dwaande te wêzen, dit soarget foar in moaie ôfwikseling en wurdt al jierren op priis stelt troch sawol de bern as harren âlden. It program wurdt wer oppakt mei it ferhaal fan de Feestbist en tegearre mei alle oanwêzigen wurdt it bernespektakel ôfslúten.
It ferhaal yn`e foarstelling giet oer in Feestbist dat yn`e omjouwing fan Nijlân wennet. Sa`t syn namme al docht tinken is it bist sljocht op feestjes en besiket hy eltse dei wol earne in feestje te belibjen. Tidens it stik docht bliken dat it Feestbist sels de oare deis jierdei is en in knalfeest organisearje wol, sels in band is útnoege. De buorfrou fan it bist tinkt der oars oer. Hja hat nocht oan rêst en soarget der foar dat nimmen oanwêzich is by it grutte knalfeest. De bern wurde betrokken yn it ferhaal sadat it feest fan de Feestbist doch noch in knalfeest wurde kin. De band wurdt foarme troch Paul van Dijk, Jurjen Faber, Pieter Feenstra en Rudy Lobisch. It spul wurdt fersoarge troch Renske de Roos en Jan Hoekstra. Yntree is oan de doar en kosset fiif euro per persoan. Foar sawol de bern as foar harren âlden in prachtige ynfolling foar in middei yn`e hjerstfakânsje.