Fear yn de broek foar stifting Gysbert Japicx

De stifting ‘Gysbert Japicx (Holckema Stifting)’, bekend fan it Gysbert Gapicxhûs’ yn Boalsert, wint dit jier de ‘Fear yn de broek’ foar it omgean mei it Frysk.

Yn de kommunikaasje nei bûten ta meitsje de tekstwinkel en it museum altyd wer dúdlik dat it Frysk wolkom is, troch it sels ek meast te brûken. Troch dat alles wurdt der yn de praktyk in soad Frysk praat (sawol personiel as klanten) en leit de drompel foar it brûken tige leech. En dat is te merken. De Ried fan de Fryske Beweging wol de sichtberens fan it Frysk yn it deistich libben befoarderje. Dêr is it Gysbert Japicxhûs in hiel goed foarbyld fan. Alles mei alles reden genôch om ‘It Gysbert Japicxhûs’ yn it sintsje te setten.

It Gysbert Japicxhûs, mei in museum en tekstwinkel, jout omtinken oan de earste ‘grutte’ Fryske dichter, Gysbert Japicx, it ferhaal fan de Fryske taal, meartaligens en it opkommen foar de frijheid troch de Friezen. De organisaasje sammelet teksten en fersoarget de yllustraasjes fan de jierlikse ‘Fryske spreukekalinder’. De tekstwinkel jout in grut tal boeken út, fersoarget Fryske teksten foar bygelyks advertinsjes, nammekaartsjes ensfh. Der wurde Fryske lessen fersoarge, stedskuiers troch Boalsert, der is in Frysk fersepaad dat jo folgje kinne, folle net genôch!

Op 10 juny moarns om 11.30 sil de priis útrikt wurde, yn it Gysbert Japicxhûs sels. Fear yn ‘e Broek is in priis dy’t ynsteld is troch de Ried fan de Fryske Beweging. De Fear wurdt útrikt oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset. Earder waard de Fear ûnder oare útrikt oan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, oan Arno Brok, oan Aaipop, de Ortodontsypraktyk yn Ljouwert en ferline jier oan Skilje (Fryske telefoantsjinst fan Vrieservice).

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.