“Fantasten en Stjonktsyskes” in Ons Gebouw

BOALSERT – Nei de grandioze útfieringen fan de Fryske Krite Boalsert ôfrûne jier yn de Broeretsjerke, docht de tonielferiening it dit jier wer wat rustiger oan. 

Op sneon 11 en 18 maart wurdt yn Ons Gebouw oan ’t Broereplein opfierd de klucht “Fantasten en Stjonktsyskes”. In útfiering fan Bernd Gombold en yn it Frysk oersetten troch Gurbe Dijkstra.

In koarte omskriuwing fan it stik: ’s Moarns, nei it alle jierren festival fan de fanfare, wurde fjouwer mannen wekker mei in swier haad. Al gau docht bliken, dat hja oant betiid yn de moarn goed stevich oan de drank west hawwe. Sadwaande hawwe hja eins in black-out en witten hja amper wat foar ôf efter is. Hoe it fierder allegearre ferrint kin it publyk tiidens de útfiering folgje, mar der bart fan alles …

Op sneontejûn 11 maart is de 1e útfiering om 20.00 oere.
De oare twa útfieringen binne op sneontemiddei om 14.00 oere en sneontejûn 18 maart om 20.00 oere. Yn it skoft fan de útfieringen hâlde wy in verlotting en is der muzyk fan troubadour Murk Aukema

Foarferkeap is op tongersdei 9 maart fan 19.00 oant 20.00 oere yn de âlde Muziekschool, Kerkstraat 30.

 

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.