‘Doede Bleeker plein’ biedt romte foar Doede’s Aaipopsfear

Nijlân – Rom in wike lyn waard bekend dat Doede Bleeker, de sjongende fisboer, op 65 jierrige leeftydferstoarn is. Foar de Fryske muzykwrâld in grut gemis en ek Stifting Aaipop wie tige rekke troch dit nijs.

Doede Bleeker en Aaipop hiene in bysûndere relaasje. Doede wie in bysûndere man mei in eigen plakje binnen de Fryske muzykwrâld, mei in eigen plakje binnen Aaipop.

Tidens ien fan de earsteAaipop edysjes spile Doede Bleeker in wichtige rol as muzikale besiker. De sjongende fisboer wie dy edysje oanwêzich as besiker en seach dat de Nijlander kroech troch de waarmte en de drokte gjin romte mear hie foar alle feestmeitsjende besikers. Doede betocht him gjin momint en helle syn gitaar út’e auto en spile bûten, op in bankje, sûnder lûdfersterking foar al dy minksen. Der ûntstie in geweldige Aaipopsfear dy hielendal by Aaipop paste, en ek hielendal by Doede. Doede Bleeker wie doe al belutsen by Aaipop, mar troch dizze aksje wie de relaasje tusken Doede en Aaipop oanhelle. Dit momint is de skiednisboeken yngien by Aaipop en dit barren wurdt noch faak oanhelle yn de Aaipopwrâld.

Doede Bleeker sil ek dizze Aaipop edysje wer in spesjaal plakje ynnimme tidens it festival. Stifting Aaipop silop Peaskemoandei de sjongende fisboer betinke troch dizze edysje it ‘Doede Bleeker plein’ in plakje te jaan op it festivalterrein. It plein jout de romte om Doede yn Aaipopsfear te betinken. Ferskate artysten sille op it ‘Doede Bleeker plein’ harren muzyk bringe, werûnder trûbadoer en neef Bruno Rummler. Bruno sil op it plein de muzyk en teksten fan Doede Bleeker hearre litte. Sa betinke Aaipop, de artysten en de besikers Doede op syn eigen bysûnder wize, want Doede wie in bysûndere man. In man mei prachtige Frysktalige muzyk.

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.