Doarpskrante It Nijslân fan Nijlân wint priis bêste Frysktalige stik

Doarpskrante It Nijslân fan Nijlân hat de priis krigen foar it bêste Frysktalige stikyn ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân yn it ôfrûne jier. It Nijslân krige de priis foar it stik ‘Tsjinslach en noch in meifallerke’, skreaun troch Cor Kooistra.

De earste priis, in sjek mei in bedrach fan 300 euro, waard útrikt troch wethâlder Stella van Gent. De útrikking wie yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. In symboalysk plak, om’t Japicx in soad foar de Fryske skriuwtaal betsjutten hat.

De twadde priis (200 euro) gie nei Bulte Nijs (Koudum) foar de tekst ‘Wintermich…sierlike dûnsmich’, skreaun troch Pier Zijlstra, en de tredde priis (100 euro) gie nei De Sylboade (Heech) foar de tekst ‘Fakânsje thús’, skreaun troch Mariet Swart.

It is de twadde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske stik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útsetten hat. “Wy wolle der graach in tradysje fan meitsje”, seit Van Gent. Foar dit jier wurdt de priisfraach ek wer útsetten.

Kursus ‘Skriuw mar Frysk’

As tarieding op ’e priisfraach hat de gemeente de redaksjes fan ’e doarps-, wyk- en stedsblêden in kursus ‘Skriuw mar Frysk’ oanbean. “Wy fine it belangryk dat de redaksjeleden yn har memmetaal skriuwe kinne, dat sy it Frysk sichtber meitsje. Sy binne ambassadeurs fan ’e Fryske taal”, jout wethâlder Van Gent oan.

 25 ynstjoeringen

Yn totaal hat de gemeente 25 Frysktalige teksten ûntfong.Van Gent: “In prachtich oantal, mar mei de útwreiding fan ús gemeente mei 15 doarpen fan Littenseradiel ferwachtsje wy it kommend jier fansels it dûbele tal ynstjoeringen.”

De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan de Fryske taal. Sjueryfoarsitter Douwe Blom wie ûnder de yndruk fan ’e ynstjoeringen. “It Frysk is in libbene taal, dat docht ek wer moai bliken út it tal ynstjoeringen foar dit jier,” seit er. “De stikken litte sjen hoe weardefol it is om ferhalen mei-inoar te dielen. It draacht by oan it mienskipsgefoel, it is in utering fan kultuer dy’t it fertsjinnet om yn it sintsje set te wurden.”

Njonken Blom, riedslid foar de FNP yn Súdwest-Fryslân, bestie de sjuery útJantine Weidenaar (sjoernalist by Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (skriuwer).

 Fotobijschrift: Fan links neirjochts: sjueryfoarsitter Douwe Blom, wethâlder Stella van Gent, Cor Kooistra (redaksje It Nijslân, 1epriis), Pier Zijlstra (redaksjeBulte Nijs, 2epriis) en Mariet Swart (De Sylboade, 3epriis).

 

Tsjinslach en noch in meifallerke.

De earste dampartij yn de nije kompetysje rûn foar my op hielendal neat út. It is net sa slim as jo der yn in moai spulôffeegd wurde, mar dat is it wol as jo it ferlies hielendal oan josels te tankjen hawwe. Sa gie dat dus mei my en ik hie sûnder dat no sa bot merke te litten dy jûns ynwindich goed de smoar yn.

Gelokkich kin ik werom nei hûs noch moai efkes de holle leech fytse. It is krekt sa’n eintsje dêrfoar:fan Skearnegoutum nei Nijlân. Ik wie noch mar kwealik bûten it earstneamde doarp doe’t ik in ein op dyk lizzen seach. Yn earste ynstânsje fytste ik troch, mar dochs kearde ik om en fytste werom nei it ferkearsslachtoffer. Yn it tsjuster seach ik dat it in jerke wie en ik fielde dat in knap eintsje ein wie en dat er suver noch wat waarmte útstriele. Ik stie der noch wat mei dy ein yn ‘e hannen en wist earst net rjocht wat te dwaan: mei nimme of lizze litte.By eintsjebeslút stoppe ik de ein yn de fytstas, stapte wer op en fytste dochs wol foldien mei de fynst, dy’t no mei nei Nijân ta gie.

Thús helle ik it damboekje en sa út de oare tas en sette de fyts yn it hok. Oan de frou fertelde ik de wederwarichheden fan dy jûn: ferlies en in moaie deade jerke. De oare moarns fytste ik om in oere as tsien nei Snits. Gjin tel oan de ein tocht. Dy hie by syn libben ek net tinke kinne dat er dea noch sa’n reis meitsje soe. Mar sa ik sei: Ik wie dy hiele ein fergetten.

By Ysbrechtum hearde ik ynienen kwêk, kwêk, kwêk. “Ferhip myn ein sit noch yn de fytstas, mar dy kin dochs net mear lûd jaan?” Nee dat koe net, mar ik seach noch wol efkes foar de wissichheid yn de fytstas. It kwêken wie fan in Ysbrechtumer ein.. It jerkje gong mei nei Snits en hy krige letter noch selskip fan in makriel en in stik tsiis.

Thús ha ik him strûpt en fierder ta makke. Ien nacht yn de pikel en de deis dêrnei die bliken dat it ein wie mei noch net sa’n soad fleanoeren. Hy wie nammentlik hearliksêft en soppich, gjin taai triedsje fleis oan te finen. In echt meifallerke dus en dat ferlies bin ik hast wer fergetten.

CK

 

Wintermich…sierlikedûnsmich

Midfebrewaris. It is winter. Snieyn ‘e blikke. Snieklokjesbingeljeyn ‘e wyn.Twagieleayttablomkes (winterakoniet) binne noch ticht. De sinneskynt. Blau is de winterloft. Op ’t paadteit de snie. Boppe de roazestrûkjesdûnset in ploechmiggen. Oanientried wei sirkelje se achterinoartroch de loft. Wol 20 sa skat ik. Fierderopby de bjirkek in groepke. As ik ienbesykje te folgjenslagget dat mar eefkes. Sa fluch sa wif, sa linich, sa hastich. It is net by te hâlden en it giet wol in healoeretroch.Eefkes letter sit der in spantsje op it rút. It binnewintermiggen (Wol 8 soartenynúslân). Dy binnewarber om dizzetiidfan’tjier, as it waar ittalit. Alle miggen ha in sûchsnút. Se libje fan plantesappen, sa as nektar.  Neffens de boekjes stekkewintermiggen net.(?)Se lykje op langpoatmiggen, mar ek opstekmiggen (neefkes).Dy kinne mei de snútstekke en sûchje(bloed). Dat islestich en gefaarlik. Tink mar oan de malariamich. Platsleinewintermiggenkinneopstjoerdwurdenei de Universiteit fan Wageningen. Dêrwurdtútsochtoftit wol of net om in (gefaarlike) stekmich giet.Mynmiggenbinneynienenferdwûn as de sinnesakket.

Pier Zijlstra/Bulte Nijs 14-2-2017

Fakânsje thús
Reizgje is foar my net fakânsje, it is faaks ôfsjen, betiid út bêd, mei koffers seule, libje út
‘e koffer, oeren opteard yn fleantúch en bus sitte… Hawar net eamelje, je dogge it jinsels
oan, mar it is altyd wer it aventoer dat lokt… En je wurde der earmer en riker fan…
Mar simmers, de moaiste tiid fan ’t jier bin ik it leafste thús, as de tún op syn moaist is,
mei dêryn ek nochris in ferskaad oan ‘wylde’ bisten.
Fakânsje hâlde doch ik thús… fan bêd ôfkomme wannear’t je wolle, in bytsje
lanterfanterje, lekker in boek lêze yn’t skaad fan in beam of gewoan yn ’e stoel in bytsje
deidreame yn myn eigen paradyske.
Myn paradyske
De dei wurdt wekker
fûgels sjonge
wolken jeie
troch de loft
in sinnestriel
kleurt blommen
in bij op wei
nei huning
in flinter dûnsjend
op ‘e wyn
Mosken tsjilpe
om ’n kromke bôle
in klyster baait
yn ’t fûgelbad
in kat ferskûle
tusken struken
mieren myn terras
ferinnewearje
slakken frette
oan myn planten
Sa moai
dat libben
yn myn
paradyske
gedicht Mariet Swart

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.