Doarpskrante De Koepel fan Wytmarsum wint priis bêste Frysktalige stik

Wethâlder Mirjam Bakker hat de priis útrikt fan it bêste Frysktalige stik fan 2016 yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân. De earste priis wie foar doarpskrante De Koepel fan Wytmarsum, de twadde priis foar Uus likje wraald fan Hylpen en de tredde priis foar De Doarpsomropper fan Skearnegoutum.

Earste kear

It is de earste kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêsteFryske stik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útsetten hat. “De gemeente Littenseradiel organisearret de priisfraach al jierren en hat foarús in grut foarbyld west. No’taanst in tal doarpen fan Littenseradiel by Súdwest-Fryslân komt, is dit it momint om in nije tradysje yn ús gemeente te begjinnen,” seit wethâlder Mirjam Bakker.

Kursus ‘Skriuw mar Frysk’

It ôfrûne jier hat de gemeente Súdwest-Fryslân de redaksjes fan ’e doarps-, wyk- en stedsblêden in kursus ‘Skriuw mar Frysk’ oanbean. “Wy fine it belangryk dat de redaksjeleden yn har memmetaal skriuwe kinne, dat sy it Frysk sichtber meitsje. Sy binne ambassadeurs fan ’e Fryske taal,” jout wethâlder Bakker oan.

22 ynstjoeringen

Yn totaal hat de gemeente 22 Frysktalige teksten ûntfong. De sjuery hat de ynstjoeringen beoardiele op ’e lêsberens, aktualiteit, mar ek kreativiteit en fansels it brûken fan de Fryske taal. Sjueryfoarsitter Jelle Gerbrandy wie ûnder de yndruk fan ’e ynstjoeringen. “It is hiel moai om te sjen hokker ferskillende ynfalshoeken keazen binne: dichtsje, fiksje en non-fiksje, alles siet der tusken. En dan de moaie Fryskewurden dy’t de minsken derby fine, prachtich!”

Utrikking

De útrikking wie yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. In symboalysk plak, om’t Japicx in soad foar de Fryske skriuwtaal betsjutten hat. Wethâlder Bakker rikte de prizen út. De earste priis (€ 300,00) gie nei De Koepel (Wytmarsum) foar it stik ‘Ek de tiid hat wjukken’, skreaun troch Janke Zijlstra, de twadde priis (€ 200,00) gie nei Uus likje wraald (Hylpen) foar ‘Krystjûn’, skreaun troch Ineke Mulder, en de tredde priis gie nei De Doarpsomropper (Skearnegoutum) foar it gedicht ‘Wêr’t de wyn waait’, skreaun troch Sybrig Bethlehem.

De sjueryleden wienen Jelle Gerbrandy (riedslid FNP yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân), Jan Ybema (histoarikus en projektmeiwurker Fryske Akademy), Marrit de Schiffart (ûntwikkelet Frysk ûnderwiismateriaal by Cedin) en Wytse Vellinga (sjoernalist by Omrop Fryslân).

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.