De FNP lit Súdwest-Fryslân bloeie

De ôfrûne wike is rûnom yn Súdwest-Fryslân blomsied by komboerden útstruid. Mei de aksje ‘De FNP lit Súdwest-Fryslân bloeie’ freget de partij oandacht foar it sterk tebek rinnen fan de biodiversiteit troch monokultuer en it brûken fan pestisiden.

Dit betsjut folle minder ynsekten en dus minder iten foar fûgels; it tal sweltsjes is yn de rin fan de jierren al mei 98% werom rûn. Minder ynsekten betsjut ek minder bestowing fan blommen en bloeisel dus sa ek minder fruit en oare fegetaasje. Koartsein: it is in grutte bedriging foar de minskdom.

Al yn de jierren ’60 warskôge Rachel Carson mei har boek ‘Silent Spring’ foar de miljeu- en minsklike gefaren fan pestisiden. It boek is ûndertusken erkend as meast ynfloedrike fan de tweintichste iuw en is noch altyd aktueel.

De blomsiedaksje is freed by Toppenhuzen ôfsletten troch de nûmers 1-10 op de FNP kieslist.

Oer inkele wiken komt it sied yn ferskate kearnen yn e gemeente op en soarget dan dochs foar in fleurige blomrike maitiid.

It brûkte siedmingsel bestiet út ynheemske ikkerkrûden: spûkeblom, roggeblom, guozzeblom, klint, kowekrûd, koarnblom, lizeblom en ridderspoar.

FNP listlûker Tsjerk Bouwhuis: “Troch it goede foarbyld te jaan moatte oaren wol folgje”.

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.