Omdat se alles goed hie by de Bolletongersdei-fotokwis ‘wêr lizze dizze brêgen yn Súdwest-Fryslân’ ûntfong winner Antsje Speerstra-Breeuwsma út Folsgeare ferline wike in moai pakket Fryske streekprodukten.
De fotokwis, organisearre troch FNP Súdwest-Fryslân, is elk jier in grut sukses; dit jier wie keazen foar foto’s fan brêgen rûnom yn de gemeente, ferline jier gie it om keunstwurken.
De FNP stiet elk jier mei in kreamke op de altyd drokbesochte Bolletongersdei-merk. De minsken komme dan rûnom út Fryslân nei Hanzestêd Boalsert ta, meitsje in praatsje, hawwe fragen, der wurdt traktearre op apels en drûge woarst en je kinne meidwaan oan de fotokwis.
Organisator FNP bestjoerslid Meinte Bergstra: “Der wiene wer in protte dielnimmers, takom jier steane we sawiesa wer op de merk yn Boalsert mei in nije Bolletongersdei-fotokwis”!