Blauhúster susters hiene wichtige rol yn de oarloch

Mei de deadebetinking op woansdei 4 maaie yn Blauhûs, wurdt dit jier ek stilstien by it goede wurk fan de ‘Zusters van de Voorzienigheid’. Sy hawwe yn ‘40-‘45 yn it St Theresiagesticht – no Teatskehûs – leafdefol evakuees opfongen. Ienfâld, beskieden, hulpfeardich en gastfrij wiene en binne nocht altyd de deugden fan harren Kongregaasje.

Ida Hylkema fersoarget nei de betinking in lêzing mei as titel ‘De Voorzienigheid yn oarlochstiid’. Sitaat. ‘De hongerwinter dy’t benammen it westen fan Nederlân trof, waard ek field yn Blauhús. Net fanwege de honger, mar fanwege de minsken dy’t de honger besochten te ûntflechtsjen. Ferskate kearen waard nachts oanbelle troch sjauffeurs dy’t auto’s fol bern brochten fan Amsterdam, De Haach, Utert’.

De betinking begjint 4 maaie om 19.15 oere mei in stille tocht fan de Sint Vitustsjerke nei it tinkplak by it Teatskehûs. Hjir spilet Fanfare Blauwhuis ûnder oare ‘Ukrainian Athem’ fan musikus Henk de Haan. Dan folgje de krânslizzingen, groet troch feteranen, blomlizzingen, last post, twa minuten stil en de folkslieten. Oanslutend is de lêzing troch Ida Hylkema yn it Atrium fan it Teatskehûs.

Foto (C): Film Fries Filmarchief

 

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.