FNP-Súdwest-Fryslân set yn op glêstried en gasleaze wenwiken

Glêstried as nutsfoarsjenning en gasleaze wenten binne twa wichtige punten út it ferkiezingsprogramma fan de FNP Súdwest-Fryslân. Op tiisdei 12 septimber stimden de leden fan de partij yn Nijlân manmachtich yn mei it program. Dêrby stelden se ek de kandidatelist fêst. Durk Stoker fan Koudum wurdt listlûker en by de earste tsien kandidaten stean fjouwer tritigers.

FNP Súdwest-Fryslân is flink ferjonge. Op de kandidatelist steane ferskate kandidaten rûnom de 30 jier. Hege notearringen binne der foar, Tsjerk Bouwhuis (plak 6) fan Toppenhuzen, Dirk-Yde Sjaarda (plak 8) fan Easterein, Jorrit Zondervan (plak 10) fan Wâldsein, Rene van der Leij (plak 14) út Boalsert en Douwe Blom (plak 3) fan Drylts. Op de list stiet it maksimaal tal fan 50 kandidaten rûnom út de gemeente. Listlûker Durk Stoker: “We binne grutsk op dizze minsken. Alle generaasjes binne fertsjinwurdige en we hawwe oeral earen en eagen”.

Fan begjin 2017 ôf hat FNP Súdwest-Fryslân mei ferskate ynwenners yn  Súdwest-Fryslân om tafel sitten oer de fraach ‘wat giet goed en wat kin better’. In proses wêrby benammen de tema’s leefberens, lânskip en soarch en wolwêzen faak neamd binne. Durk Stoker: “Dizze petearen soargen sa foar in perfekt fûnemint fan ús it ferkiezingsprogramma. Ommers polityk moat gean oer wat de ynwenners fine en wolle.”

Glêstried

De FNP fynt dat glêsfezel in nutsfoarsjenning is, lyk as stroom, gas en wetter. Dêrom moat in dekkend glêsfezelnetwurk oanlein wurde yn de hiele gemeente. Der binne al 40 wurkgroepen aktyf oan it werven yn harren kearnen. Fluch ynternet is krúsjaal foar de leefberens, ekonomy en wurkgelegenheid. De digitale ûntsluting troch 5G is net de oplossing op it plattelân. “Dan ûntstiet der wyldgroei fan anntennemêsten en is der noch mear strieling”. De FNP wol graach dat de gemeente Súdwest-Fryslân, lykas de gemeente De Fryske Marren, de ‘Koöperaasje De Fryske Mienskip op Glês’ stipet mei in liening tusken de fiif en tsien miljoen euro. Mei help fan de liening wurde de saneamde ‘grize gebieten’, bedriuweterreinen en rekreaasjekompleksen ek ûntsluten mei glêstried. “De tiid fan praten is no echt foarby. De provinsje hat har nekke útstutsen, DFM op glês isfûleindich oan e slach, no kin de gemeente net efterbliuwe”, neffens Stoker.

Ierdgasleas

De FNP fynt in goed miljeubelied wichtich. De leden steunden dan ek it plan om by de provinsje oant te trunen de regeling ‘asbest der ôf, sinne der op’ te ferlingen. Mar dat ek gemeente ûndersiket as it mooglik is om in oanfoljende stimulearringsregeling foar partikulieren op te setten” seit Durk Stoker. Fierder wie in opfallend punt yn it program dat de partij it inisjatyf ‘SWF Ierdgasleas’ omearmet. “Wy tinke oan in regeling foar partikulieren dy ‘t de oerstap meitsje nei aardgasfrij wenjen. Wy wolle koprinner wêze en fiele ús ferantwurdlik foar ús neiteam”, sei de listlûker.

Soarch en wolwêzen

Oangeande soarch en wolwêzen wol de partij bot ynsette op previnsje. Noch mear as al dien wurdt fynt FNP Súdwest-Fryslân dat sport en bewegen in wichtich plak ynnimme moatte binnen it sosjaal domein. In opfallend amendemint dat oannaam waard oangeande dit tema gie oer it roken. Ien fan de leden brocht it amendemint yn dat skoalpleinen mar ek oare plakken dêr’t pjutten en beukers boatsje, yn de hiele gemeente Súdwest-Fryslân reekfrij wêze moatte. “In poerbêst plan”, neffens Durk Stoker. “Ik bin sels ophâlden mei smoken, dat fielt hiel goed. Litte wy it goede foarbyld jaan en us jongerein opgroeie litte yn in smookfrije omjouwing”.

Stoker: “Dat wy ús program en list by ús listtriuwer en earder sterkste man fan de wrâld Wout Zijlstra oan de parse presintearje is dan ek net tafallich. Wout is in echte sportman en hat deselde ynslach”.

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.