Boalserter e.o. sjongers socht

De Gysbert Japicx Stifting is drok yn’t spier foar de iepening fan it Gysbert-Japicx-jier 2016. Yn it Gysbert Japicxhûs is it allegear aksje wat de klok slacht.

Dit jier is it nammentlik 350 jier lyn dat Gysbert ferstoarn is, en syn betsjutting sil fierd wurde. “Syn greate namme nea yn ûs gehûgnis steart”, hat immen ris sein yn de 19de ieu. “Zijn grote naam zal nooit in ons geheugen sterven”.

Boaslert is mei rjocht en reden grutsk op dizze 17de iuwske Fries. Syn literêre kwaliteiten wurde gauris fergelike mei dy fan Vondel, in tiidgenoat út Amsterdam. De lytse, mar prachtige stêd Boalsert mei like grutsk wêze op Gysbert as de Amsterdammers op Vondel. Boppedat hat Boalsert ien fan de moaiste stedhuzen fan Nederlân. En: de boumaster wie Jacob Gysberts: de heit fan Gysbert Japicx! Wol Bolswert en fansels hiel Fryslân syn namme duorjend earje, dan kinne wy fansels net stilsitte. It bestjoerfan de Gysbert Japicx Stichting grypt dêrom mei it Gysbert Japicxhûs eltse gelegenheid oan, om him ûnder de oandacht te bringen.

Mear as trije iuwen lyn seach hy al it moaie fan de Fryske taal, en as hy der gjin wurk fan makke hie, wie der faaks net in soad mear fan de taal oer.
Yn it Gysbert Japicx betinkingsjier 2016 steane der 5 grutte momenten op it programma:
1] De offisjele iepening fan it Gysbert-jier op 21 maaie middeis om 3 oere yn
de Boalserter Martinitsjerke 2] In Fryske Tsjerke-snein op 22 maaie yn hooplik alle Fryske tsjerken. 3] De musical “Meester Gijsbert wurdt Master Gysbert” foar de basisskoallen
yn Fryslân, útfierd yn de Broeretsjerke, yn de moannen septimber en oktober.
4] In trijedielige lanlike dokumentêre oer Gysbert Japicx, makke troch omrop
Fryslân.
5] ”AksjeTaalsynjaal”, in ludyk besykjen de Fryske taal boartsjendewei tichter
by Friezen en net-Friezen te bringen, as opmaat nei Kulturele Haadstêd
2018.

Foar it slagjen fan de iepening fan it Gysbert-jier wolle wy graach in berop dwaan opsjongers út Boalsert en omkriten. De iepening sil plakfine yn de Martinitsjerke fan Boalsert op 21 maaie de middeis om trije oere, mei sprekkers en muzyk oer en fan Gysbert Japicx. Wy besykje in Boalserter Gysbert Japicx ad hoc koar te foarmjen, en nei twa rippetysjes ús hearre te litten by dy feestlike iepening!

Der is goed réagearre op ús oprop oan de Boalserter koaren. Fan alle koaren binne der al oanmeldings, mar wy besykje in Gysbertkoar presintearje te kinnen mei in fjirtichtal sjongers!Under lieding fan Hindrik van der Meer fan Jorwert – hy is ek bestjoerslid fan de Gysbert Japicx Stichting – binne der twa rippetysjes yn de Gasthuiskerk. Op sneon 7 maaie de moarns (9.30) en op tiisdei17 maaie de jûns (19.30) yn de Gasthuiskerk.

Dogge Jo mei? Dan graach oanmelde mei de stimsoart op 0515-573990 of ynfo@gysbertjapicx.nl of yn it bertehûs fan Gysbert Japicx, Wipstrjitte 6.

It bestjoer fan de Gysbert Japicx Stichting.

[pro_ad_display_adzone id=”11964″ cookie=”1″]

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.