Noaitgenôch fan fûgels

Fûgels sprekke ta de ferbylding en hawwe hiel wat keunstners ynspirearre. Dat wie ek it gefal by dichter Eppie Dam en yllustrator Lienke Boot. Ut harren kreative gearwurking ûntstie de bondel Tsjilp! 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters. Sa’t de ûndertitel al seit,in boek foar jong en âld.

Eppie Dam skriuwt al lang foar bern en stiet bekend om syn persoanlike toan en it brûken fan tagonklik Frysk.Syn partner Lienke Boot makke earder pintekeningen foar twa Fryske fersebondels, de earste kear fan fûgels, letter fan planten.Foar Tsjilp! lei se har ta op de technyk fan it linoleum snijen. De ambachtlike mearkleuredruk hat soarge foar prachtige resultaten.

Tsjilp!wurdt op 17 febrewaris presintearre yn restaurant Boschlust yn Aldemardum. Dêr nimt byldzjend keunstner Gerrit Terpstra it earste eksimplaar yn ûntfangst. Hille Faber, oait bandlid fan de groep Jarje, en tagelyk útjouwer fan de bondel, hat fiif gedichten op muzykset. Bernekoar Prelude sil de fûgelsankjes  hearre litte.

Dalik nei de presintaasje binne yn besikerssintrum Mar en Klif orizjinelen fan de yllustraasjes te bewûnderjen. Op deselde lokaasje sil Lienke Boot yn’e krookjefakânsje twa kear in workshop linoleumsnijen jaan, ornearre foar bern fan acht jier en âlder.

Tsjilp! 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters.

Auteur: Eppie Dam. Yllustraasjes: Lienke Boot.

Foarmjouwing: Ankemarije Dam.

Utjouwer: De Ryp, Blauhús.

Priis: 12 euro (56 siden).

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.