Koöperaasje fan Lytse Skoallen wer in stap tichterby

Steatsiktaris Sander Dekker fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip hat ferline wike posityf besluten om it oprjochtsjen.

 

fan in Koöperaasje fan Skoallen te belûken by it ûndersyk dat it ‘Nederlands Centrum van Onderwijs Recht’ (NCOR) op it stuit útfiert oangeande de Koöperaasje fan Skoallen as ‘bevoegd gezag’ Ek besjocht de steatsiktaris oft de jurydyske mooglikheden fan âlders by it oerdragen fan in skoalle oan bygelyks in Koöperaasje fersterke wurde kinne mei in saneamde ‘Geschilregeling’.

Op de drok besochte ynformaasjejûn ‘Koöperaasje Skoallen’, organisearre troch FNP Súdwest-Fryslân, op 14 april yn Skearnegoutum, wienen der noch in protte krityske fragen oer it oprjochtsjen fan in Koöperaasje. De Steatsiktaris jout no mei syn brief fan 18 april mear klearrichheid. It NCOR sil no advisearre om alle juridyske tûkelteamen wei te nimmen. Inisjatyfnimmer Cees van Mourik fan de lanlike wurkgroep: “Mei dit goede nijs fan de Steatsiktaris binne we wer in flinke stap tichterby ús doel, nammentlik it iepen hâlden fan Lytse Skoallen”.


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *