Fryske Krite Boalsert spilet In gekkehus yn ´t sikehus

De Fryske Krite Boalsert bringt nije wike trije kear it stik “In gekkehus yn ’t sikehus”op de planken fan it toaniel yn Ons Gebouw yn Boalsert.

De spilers fan toanielferiening Fryske Krite Boalsert ha freed 13 febrewaris om 20.00 oere de earste foarstelling fan de klucht yn Ons Gebouw oan it Broereplein yn Boalsert. Sneon 14 febrewaris is der in matinee om 14.00 oere en sneontejûn is der om 20.00 oere noch in útfiering mei nei ôfrin dûnsjen mei muzyk fan Jeen Waterlander.

It stik spilet him of yn in sikehus dat ferboud wurdt. De pasjinten komme yn in ferâlderd hok sunder fasiliteiten. Suster Riny moat it dwaan mei te min personiel en freget de skjinmaksters as ferpleechsters te helpen. Gaos kompleet! Lokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer de seal mar oft de pasjinten dêr no better fan wurde…?

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.