Fryske Bahá'ís fiere 200e betinking fan bertedei grûnlizzer

Op 21 en 22 oktober 2017 wurdt op ferskate plakken¹ yn Fryslân omtinken jûn oan it feit dat de Stichter fan de nije wrâldreligy yn 1817 yn Teheran berne is.

Mei de komst fan dy Stichter, Bahá’u’lláh, begûn in nij tiidrek: de folwoeksens fan it minskdom. Hij ferkundige yn 1863 dat ‘de ierde mar ien lân is dêr’t alle minsken de boargers fan binne’ en dat wy hjoed de dei de  puberteit fan it minskdom oanskôgje yn‘e omskeakeling fan in materialistyske wrâld nei in mear geastlike. Beide, wittenskip en religy, groeie  yn harmonij ta in heger plan, lykas de beide wjukken fan in fûgel him yn’e loft bringe.

Sawat giet spitigernôch net sûnder behindering. Nei in libben fan lijen, fergiftiging, finzenskip en ballingskip ferstoar Bahá’u’lláh yn 1892 as balling yn Palestina. Syn grêftombe is dêr ek oanwêzich yn Bahji (Israël), dat hjoed de dei in pylgersoarde is foar de bahá’ís.

De Fryske edelman Tinco Lycklama à Nijeholt út Beetstersweach docht fan syn reis nei Perzië om 1865 hinne ferslach fan de earste ûnbeskriuwbere wrede ferfolgingen fan de Báb, de Foarrinner fan Bahá’u’lláh. Dy Heraut kundige Bahá’u’lláh oan mei wurden as: ‘it is better ien fan Syn fersen te lêzen as alles wat ik skreaun ha’. Ek hjoed de dei noch wurde de bahá’ís in Iran hurd ferfolge.

Ta gelegenheid fan de 200e betinking fan de bertedei fan Bahá’u’lláh is der in Fryske website de loft yngien:  www.bahaifryslan.nl

 

¹ Drachten, Hallum, Ljouwert, Mantgum, Snits, Steggerda

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.