FNP bliid mei rêding Ryks Monumint by Abbegea

De Ljouwerter Krante publisearre ferline wike in treurige foto fan de omwaaide en omseage monumintale houten stroompealen mei boppelieding by Abbegea.

Eigner Liander sil it, troch de hjerststoarm en brutale koperdieven fernielde, monumint no wer yn eare herstelle. ‘Dat is goed nijs, dit is in unyk monumint yn ús iepen lânskip’ meldt FNP Súdwest-Fryslân.

Ferline wike ferkleare de gemeente Súdwest-Fryslân noch dat de boppelieding gjin monumint wêze soe. FNP riedslid Sicco Rypma: ‘Dat wie skrikken, gelokkich wurdt dit meast fotogravearre gemaaltsje fan Fryslân no rêden’.

De pealen, mei porseleinen knoppen, tsjinje as boppelieding en foarmje mei it transformatorhúske oan de Twiska en it gemaal (1927) oan de Hissemar sûnt 1999 offisjeel in Ryksmonumint fan kultuerhistoarysk belang.

Gemaal en transformatorhúske binne troch Wetterskip Heech, oprjochte 1918, mei noch 28 oare elektryske gemalen om-ende-by 1925 boud. Se ferfongen doe de wynmolens yn it ynpoldere gebiet.

Foto:Sicco Rypma


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *