Blauhûs betinkt Siepy Hylkema

Greonterp 1943.It wie oarlochstiid, der hearske diftery. Ek yn it gesin Hylkema. Krekt as ien fan de jonges, waard lytse Siepy siik. Op in nacht moast de dokter komme, mar troch de oarlochmocht dy fan de besetter, en de ynstelde ferbeane tiid, de dyk net oer.

Siepy is doe stoarn, noch mar 10 moanne âld. Se is begroeven op it berne – tsjerkhôf fan Blauhús. It ferstjerren fan Siepy stiet,mei de deadebetinking fan freed 4 maaie yn Blauhús,sintraal en  symboal foar alle bern dy’t troch oarlochs-omstannichheden stoarn binne.

Der is in stille tocht fan it sintrum nei it tsjerkhôf, Fanfare Blauwhuis spilet koralen, Tine Bonekamp-Hylkema fertelt it relaas fan har suske Siepy. Dan folgje de krânslizzingen fan de gemeente Súdwest-Fryslân en Teatskehûs, sprekt Grietsje Bloemsma út namme fan Doarpsbelang en lizzefeteranen en bern fan de Sint Gregoriusskoalle blommen.

Dit jier debutearret Dominicus Altena (17) as Last Post blazer.Om presies 20.00 oere is it 2 minuten stil. Oanslutend wurde it Wilhelmus en Frysk Folksliet spile en songen.

De betinking wurdt ôfsluten mei in gedicht troch in jeugdige Blauhúster

Dit artikel delen

Bolsward Gezellig op de Veluwe

Bolsward is misschien wel het gezelligste dorp op de Veluwe. Jaarlijks komen er duizenden toeristen (voornamelijk uit de Randstad) om tot rust te komen op de Veluwe in Bolsward. Op deBolswardgids.nl ontdek jij de plekjes en activiteiten in de regio die jij niet gemist mag hebben. Wil jij met jouw bedrijf een bijdrage leveren aan deBolswardgids? Neem dan contact met ons op.